Toespraak wethouder Luciënne Boelsma
Bêste oanwêzigen,
Hjoed is it de 79e kear dat we gearkomme op de 4 maaie betinking. It is in dei dy ’t ús heugt oan de ferskrikkingen fan oarloch en ûnderdrukking, mar dy ’t ús ek de krêft fan frijheid en ferset beseffe lit. Hjoed betinke we net allinnich de slachtoffers fan it ferline, mar we sjogge ek foarút, nei in takomst wêryn’t frijheid noch hieltyd ús heechste wearde is.
It tema fan dit jier, ‘Frijheid fertelt: opmaat nei 80 jier frijheid’. It fertelt it ferhaal fan striid en opoffering, fan moedige manlju en froulju dy’t har libben weagen foar de frijheid fan oaren. Mar it fertelt ek it ferhaal fan fearkrêft en hoop, fan minsken dy ’t nettsjinsteande alle tsjinslaggen leauwen bleaune yn in bettere wrâld.
Wy steane hjir fané jûn by it grêf fan Albert Marten Rinkema. It ferhaal fan Albert Marten Rinkema moat ek troch fertelt wurde. In foaroansteande melkfeehâlder, altyd ree om in oar te helpen. Lykas it werom heljen fan in jonge man, ferûngelokke yn it bûtenlân, ôfkomstich út Rottum, sadat hy hjir op it hof begroeven wurde koe. Dat wie foar de neibesteanden tige wichtich. Ien fan de foarbylden, hoe hy in it libben stie. Mar yn de oarloch waard hy slachtoffer fan de Dutse besetters. Hy wist dat de sicherheitsdienst op paad wie as represaille foar de moard op in NSB plysjeman. Hy woe net fan de pleats, hy bleaun by syn famylje en pleats om te foarkommen dat dizze yn brân stutsen waard. Syn libben waard naam en men wie ferbjustere. In man, altyd yn it spier foar in oar, fûn de dea yn de ferskriklike oarloch. Wêr wy no steane, wiene sa’n 1000 minsken útrûn om him de lêste eare te bewizen. Safolle fertriet foar de famylje en safolle ûnbegrip by de ynwenners fan Rottum. Dit ferhaal komt hiel tichtby. Famylje is hjir oanwêzich. It is moeilijk, mar ek goed om d’r oer te praten. Wy steane hjir net samar, mar om stil te stean by it ferhaal fan Albert Marten Rinkema en alle oaren.
Wy heare hjoed op in protte plakken ferhalen oer dejingen dy ’t foelen, dy ’t har libben joegen sadat wy yn frijheid libje kinne. We tinke oan de helden dy’t fochten yn de Twadde Wrâldoarloch of wa as d’r krekt as Albert Marten Rinkema wiene foar in oar, mar ek oan dejingen dy’t stride foar frijheid oer de hiele wrâld, hjoed-de-dei. Want hoewol’t wy hjir yn Nederlân al hast 80 jier yn frijheid libje, is frijheid spitigernôch gjin fanselssprekkendheid foar elkenien.
Lit ús dêrom net allinnich weromsjen op it ferline, mar ek foarútsjen nei de takomst. Litte we ús ynsetten bliuwe foar frede en frijheid, wêr ek op ‘e wrâld. Litte we ús fersetten bliuwe tsjin ûnrjocht en ûnderdrukking, yn hokker foarm dan ek. Want allinne sa kinne wy it kostbere besit fan frijheid trochjaan oan de generaasjes dy ’t nei ús komme.
Ofrûne hjerst wie ik mei in groep nei Auswitzch. It wie ferskriklik. Wat my tige oangrepen hat wiene de wurden fan George Santayana, frij fertaalt, Wie het verleden niet herinnert, is gedoemd het opnieuw te beleven.
Litte we derom de ferhalen libjend hâlde en se jier op jier troch fertelle. Ik wol eindigje mei de wurden die op it grêf steane en in gedicht.
In de nacht van 29 op 30 juni werd de 59-jarige veehouder, Albert Marten Rinkema, in zijn woning aan de Binnendijk te Rottum doodgeschoten. Deze Silbertanne-moord werd op bevel van de Duitsers door de Landwacht uitgevoerd na de liquidatie van een NSB-politieman te Heerenveen. Albert Marten Rinkema was een veelzijdig en vooraanstaande man, die zich in dienst stelde van de gemeenschap.
Vanavond ben ik stil
Voor wat verloren ging
In voorbije oorlogstijd
Onschuld, veiligheid, vertrouwen, leven
Bevroren in de tijd
Vanavond ben ik stil
Voor wie verlies nog draagt
Van wie in oorlog is gestorven
Angst, onmacht, strijd, diepe sporen
Voordat vrijheid werd verworven
En vanavond ben ik stil
Voor wie de stilte raakt
Aan eigen diepe pijn
Zonder grenzen, zonder tijd
In stilte
Zullen we verbonden zijn.