Toespraak wethouder Chris van Hes
Herdenking 4 mei 2024 Echten
Bêste oanwêzigen,
myn namme is Chris van Hes, wethâlder gemeente DFM,
Elts jier op 4 maaie steane we twa minuten stil. Wy betinke dan alle boargers en militêren dy ’t earne op dizze wrâld omkommen binne of om it libben brocht binne troch oarlochsgeweld. Yn de Twadde Wrâldoarloch, mar ek yn resintere konflikten lykas Irak, Afghanistan as Mali. It tema fan de betinking is dizze kear ‘Frijheid fertelt: opmaat nei 80 jier frijheid.’
Dy frijheid is net fanselssprekkend. Der is moed en krêft nedich om foar jins eigen frijheid en foar de frijheid fan in oar te noedzjen. Minsken lykas Siemen en Hylkje Visser, Wiebren en Tjesje Kuipers, en Cees Bangma. Sy hawwe allegear dy moed en krêft toant. Ik neam dizze nammen spesifyk om’t wy hjir by it byld fan Loek Groenteman stean, mar der binne fansels ûntelbere oaren dy’t dat ek dien hawwe.
Fan 1940 oant en mei 1945 wie it oarloch yn Nederlân. Yntusken is dat 79 jier lyn. Hieltyd minder minsken dy’t de oarloch meimakke hawwe kinne hjiroer fertelle oan harren bern en pake- en beppesizzers. Ek al wurdt dizze groep minsken lytser, de ferhalen lykas dy fan Loek Groenteman sille mei ynset fan ús allen altyd trochferteld bliuwe wurden. En dat is wichtich; want as wy nét stilstean by dizze ferhalen en dit net libjend hâlde, driigje wy ús lessen út it ferline te ferjitten.
In trochstapke om in skôging te jaan oer de konflikten fan hjoed de dei leit foar de hân, mar meitsje ik no net. Faaks is it goed om meiïnoar hjiroer op in oar momint it petear dêroer te fieren. Nettsjinsteande soene de ferhalen út it ferline dy’t wy mei ús allen libjend hâlde, in moaie tried wêze kinne om dat petear te fieren.
De jierlikse betinkingen en krânslizzingen yn de ferskate doarpen soargje derfoar dat elkenien efkes tinkt oan hoe ’t it wie, hoe ’t it no is, mar hoe’t it ek wêze kin. It is dêrom moai, goed en wichtich dat we betinke. Lanlik, mar ek lokaal yn ús dorpen lykas yn hjir yn Ychten, as bygelyks by basisskoallen fan ús gemeente. Dêrfoar bin ik de organisaasje tankber en jim as oanwêzigen. Tankber dat wy de ferhalen en oantinkens út it ferline diele kinne. En tankber, dat wy no yn frijheid libje kinne.